Trinus Riemersmadei

  • 22 oktober 2022
Theater De Koornbeurs
Noord 2
8801 KP Franeker

Inspireer een ander!

Foto: Anneke Bleeker/Tresoar

In dei mei Trinus Riemersma

Voor de Nederlandse tekst klikt u hier!

De Academie van Franeker, domein Letter & Geest, organisearret op 22 oktober 2022 in spesjale dei, wijd oan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma. Riemersma wenne en skreau it grutste part fan syn libben yn de âlde Akademystêd, oant syn dea, no rom alve jier lyn. Yn Teater De Koornbeurs binne fan moarns oant jûns tal fan aktiviteiten om it libben en it wurk fan Riemersma hinne. Meiwurking wurdt jaan troch de Frjentsjerter Biblioteek, Museum Martena, NHL Stenden en Tresoar.

Moarns presintearret Doeke Sijens in biografy fan Riemersma. Doeke Sijens is skriuwer fan fiksje en fan biografyen en monografyen. Hy is in omkesizzer fan Trinus Riemersma. Sijens: “Hy is ien fan ús grutste Fryske skriuwers. As ien in biografy fertsjinnet, is Trinus it wol.” Dan folget de oanbieding fan in nije útjefte fan De reade bwarre, omstavere nei de Fryske standertstavering troch de ferneamde skriuwer en oersettter Jetske Bilker. In film fan Omrop Fryslân slút it moarnsprogramma ôf.

Middeis kinne dielnimmers yn lytse groepkes meidwaan oan in besprekking fan in seleksje fan Riemersma syn boeken. De besprekkingen steane ûnder lieding fan in tal saakkundigen. Jo kinne jo HIER opjaan foar sa’n besprek. Dielnimmers kinne de middeis ek mei erfaren stedsgidsen in kuier troch Frjentsjer meitsje by plakken del dy’t in rol spylje yn Riemersma syn detektive De mon sûnder gesicht, dy’t yn Frjentsjer spilet.

Jûns yn De Koornbeurs litte learlingen fan de CSG Anna Maria van Schurman en studinten Frysk van NHL Stenden gedichten fan Riemersma op in bysûndere wize hearre en sjen. Sigrid Kingma, dichter fan Fryslân, draacht in gedicht oer Riemersma foar dat se spesjaal foar dy dei skreaun hat. In tal sprekkers komme mei ‘libbene’ kollums op Riemersma. Tet Rozendal sjongt in tal lieten fan en oer Riemersma dierby begelaat troch Tseard Nauta, wylst Hein Jaap Hilarides en Sytse Jansma proaza en poëzij fan Riemersma fertolkje mei muzyk. De jûn einiget mei de opfiering fan Riemersma syn wrang-humoristyske ienakter De skriuwer foar it doarpsbelang, troch Rederikerskeamer Demosthenes te Dronryp.

De Frjentsjerter Biblioteek toant de hiele moanne oktober in útstalling oer libben en wurken fan Riemersma, gearstald troch meiwurkers fan Tresoar. Museum Martena fersoarget in Riemersmahoeke mei in tal portretten fan de skriuwer, û.o. fan de skilders Sjoerd de Vries en Klaas Koopmans.
Wethâlder Jan Dykstra iepenet op 30 septimber de útstalling.

Sûnder mis is Trinus Riemersma (Ferwert 1938 – Frjentsjer/Ljouwert 2011) ien fan de grutske Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldkriich. Seis kear krige er de Rely Jorritsmapriis foar it bêste koarte ferhaal. Riemersma debutearre mei Fabryk (1964). De roman spile net, lykas doe meastentiids it gefal wie, op it plattelân, mar yn en om in konservefabryk. De reaksjes op Fabryk wiene ferheftich – fan gâns ûnthjittend oant bot ôfwizend. Hy krige der yn 1967 syn earste Gysbert Japicx-priis foar, de wichtichste Fryske literatuerpriis. Foar syn roman De Reade bwarre (1993) krige er yn 1995 op ’e nij de GJ-priis. Njonken romans en koarte ferhalen, skreau Riemersma ferskate dichtbondels en boppedat in tal toanielstikken. Fan 2000 ôf wie er in wurdearre kollumnist foar de Leeuwarder Courant.

Kaartjes kinine besteld wurde by de Koornbeurs.
https://www.theaterdekoornbeurs.nl

Klik hier voor het programma.