Drs. Pieter Duijff – Franeker of Frjentsjer? Wannear is in plaknamme eins Frysk?

  • 08 februari 2023
  • 20.00 uur
Botniastins
Breedeplaats 1
8801 LZ Franeker

Inspireer een ander!

Wannear is in plaknamme Frysk? Kolleezje fan Pieter Duijff

Wa’t foar it earst troch Fryslân reizget, fernuveret him nochalris oer de plaknammebuorden. Fakentiids steane der twa plaknammen op, mar guon tiden ek mar ien. Hoe sit it eins mei de Fryske plaknammen? Dêroer hâldt leksikograaf Pieter Duijff op 8 febrewaris in Frysktalich kolleezje by de Academie van Franeker.

Der is yn Fryslân in ferskaat oan plaknammebuorden: mei ien of twa plaknammen, somtiden de boppeste grutter as de ûnderste, mar net altyd. Friezen sels fertiizje der ek wolris yn. It taalferskaat binnen Fryslân is mei oanlieding foar dy ûngelikense patroanen fan buorden. Wa’t it skiednisboek fan de Fryske taal iepenslacht, kin lêze wêrom’t Frjentsjer tagelyk Franeker hyt. Wêrom’t de âlde Akademystêd in Nederlânske en in Fryske namme hat. Of liket te hawwen?

Pieter Duijff sketst yn syn Frysktalige kolleezje in byld fan it histoaryske en hjoeddeiske plaknammelânskip yn Fryslân en jout antwurd op al dy fragen. Hoe Frysk of ûn-Frysk binne úsplaknammen eins?

Spesjalisearre yn Fryske plaknammen
Pieter Duijff is al trije desinnia mei de Fryske taal dwaande. Hy hat als leksikograaf benammen meiwurke oan wurdboeken en wurdlisten. Dêrneist publisearret er geregeld oer taalfariaasje yn it Frysk en oer Fryske plaknammen. Duijff jout ek les oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk op NHL Stenden, oan de Universiteit van Amsterdam, de Afûk en de OSG Piter Jelles. Yn desimber 2022 ferskynde fan syn hân Der dy namma van heten is. It komôf fan plaknammen.

Kolleezje bywenje


It
kolleezje fan 8 febrewaris begjint om 20.00 oere yn de kolleezjeseal fan de Academie van Franeker, Breedeplaats 1 yn Frjentsjer. It kolleezje duorret likernôch in oere. Dêrnei meie taharkers fragen stelle.

Tagongskaartsjes foar10,- binne fanôf in healoere foar de lêzing te krijen yn de Botniastins. In kaartsje jout rjocht op in glês fris, tapbier of húswyn nei ôfrin by Café De Doelen.

Meld jo op tiid oan, want fol=fol. Oanmelde kin mei it formulier hjirûnder. Sûnder oanmelding meie jo allinnich nei binnen as der plak is.

 

 

Aanmelden voor dit publiekscollege:

  • Hidden
  • Hidden
  • Hidden
  • Wilt u onze nieuwsbrief ontvangen?