Utstalling Trinus Riemersma yn Frjentsjerter Biblioteek

Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober komt der in unike útstalling oer libben en wurk fan Riemersma yn de Frjentsjerter Biblioteek. Wethâlder Jan Dijkstra sil de útstalling iepenje op 30 septimber.

Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryskeskriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. By it domein Letter & Geast fan de Academie van Franeker ûntstie ferlinejier it idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten. “Riemersma fertsjinnet dat”, seit âld-heechlearaarFrysk Rolf Bremmer, sels lid fan L & G. “Twa kear waard synwurk bekroand mei de Gysbert Japicx-priis, de heechsteliterêre priis fan de provinsje Fryslân. Boppedat krige er seis kear de Rely Jorritsmapma-priis foar ien fan syn koarteferhalen of gedichten.”

Bremmer socht kontakt mei Tresoar yn Ljouwert, dat it argyffan Riemersma bewarret. De konservatoaren Jelle Krol en Meindert Reitsma reagearren entûsjast, doe ’t it wurd’útstalling’ foel. “Mar dy moat wol yn Frjentsjer komme, want dêr is sa’n útstalling hielendal te plak”. Ek de Biblioteek wie optein en woe graach meiwurkje. De útstalling waard gearstald ûnder lieding fan Doeke Sijens, biograaf fan Riemersma. Njonken stikken út Tresoar, binne der bysûndereobjekten út partikulier besit te sjen. Wethâlder Jan Dijkstra silde útstalling iepenje op 30 septimber om 16.00 oere yn de Biblioteek, Sint Martiniplantsoen 41. Belangstellenden binnefan herte wolkom en de tagong is fergees.

Yn itselde ramt hat Museum Martena fan 30 septimber in romte ynrjochte mei seis byûndere portretten fan Riemersma, wêrûnder stikken fan de bekende Fryske skilders Sjoerd de Vries, Klaas Koopmans en Boele Bregman. Op 22 oktober is der in grut evenemint yn de Koornbeurs om Riemersma hinne, sjoch fierder teaterdekoornbeurs.nl en academiefraneker.nl.

 

Tentoonstelling Trinus Riemersma