Lustrum cadeau van Domein Letter en Geest

05 oktober 2022

Foar de Academie van Franeker

In lustrumsonnet

Sûnt fyftjin fiif en tachtich is in wrâld feroare
en wat is fiif jier yn it ljocht fan d’ ivichheid.
Dochs krijt de Akademy no in lytse oade,
want wittenskiplik ûndersyk bliuwt feitlikheid.

It ryk ferline jout de geasten ynspiraasje
en sis dan Eisinga of frou Van Schurman nei;
mei beide fuotten yn ‘e klaai, mar wol mei faasje:
tsjinje de mienskip en haw fisy op ‘e nije dei!

Yn Frjentsjer sil de skiednis ús ferrykje.
Ik bin studint en sil de takomst sykje
mei de gelearden nei de nije moarn.

Fansels lit ik my graach mei doe ferlykje:
ik sil gâns faker no De Bogt besykje
en ik lûk hjoed noch dizze hoody oan.

Jelle Bangma
Frjentsjer, 5 oktober 2022