Kursus: Toppers út de Fryske literatuer

  • 02 januari 2023
  • 20:00 oere
Botniastins
Breedeplaats 1
8801 LZ Franeker

Inspireer een ander!

Toppers út de Fryske literatuer

Kom yn ’e kunde mei it wurk fan fjouwer ferneamde Fryske skriuwers en harren priiswinnende romans.

Yn in rige fan fjouwer jûnen komme yn dizze kursus Fryske skriuwers op it aljemint, dy’t der útkypje mei romans dy’t noch altiten tige de muoite wurdich binne om te lêzen, oer nei te tinken en oer te praten. It domein Letter & Geest fan de Academie van Franeker fersoarget de kursus yn de Botniastins oan de Breedeplaats yn Frjentsjer.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis dy’t yn Fryslân takend wurdt foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Ut de lange list fan priiswinners hat Rolf Bremmer, yn oerlis mei Babs Gezelle Meerburg, soarge foar in oansprekkende seleksje fan boeken en saakkundige ynlieders.

De kolleezjes wurde as searje oanbean. Belangstellenden dy’t harren hjirfoar ynskriuwe krije in tsûchskrift nei ôfrin.

 

9 maart 2023
Tin iis (1981) fan Tiny Mulder

Faaks ien fan de meast wurdearre boeken út de nei-oarlochske Fryske literatuer. It soe ta de jongereinliteratuer rekkene wurde kinne, mar it boek dat oer in jong famke yn oarlochstiid giet, sprekt ek folwoeksenen tige oan.

Ynlieder: Akke Gerlsma, dosint NHL Stenden; jongereinliteratuer is ien fan har spesjalismen.

 

16 maart 2023
De Wuttelhaven del (1989) fan Steven de Jong

Yn dizze roman spilet de oarloch ek in wichtige rol, mar no jierren letter út it perspektyf wei fan in soan fan NSB-âlden. Hy wrakselet mei it probleem dat er mei tankberens oan syn opfieding tinkt, mar der net oer kin dat syn âlden sokke fûleinige faksisten wiene.

Ynlieder: prof.dr. Goffe Jensma. Oant ein 2022 wie Jensma heechlearaar Frysk yn Grins.

 

30 maart 2023
It wrede foarjier (2004) fan Durk van der Ploeg

Krekt as by de eardere twa boekbesprekken is it hjir ek wer de oarloch dy’t it ferhaal bepaalt. Fyftich jier nei ôfrin fan de oarloch wurdt de haadpersoan noch altiten tangele troch skuld en skuldich fielen en besiket er it barren yn it lêste foarjier fan ‘e oarloch te rekonstruearjen.

Ynlieder: drs. Jetske Bilker. Bilker studearre algemiene literatuerwittenskippen yn Grins en hat in lange karriêre as skriuwer en oersetter.

6 april 2023
De smearlappen fan Anne Wadman

Doe’t dit boek yn 1963 ferskynde joech it gâns opskuor. It like in boereroman sa’t der al sa’n soadwiene, mar eins woe Wadman mei it boek sjen litte dat de tiid fan dy plattelânsliteratuer ferline tiid wie. In protte minsken hiene beswier tsjin de wize dêr’t Wadman de seksualiteit fan de haadpersoan Eelkje foarm joech.

Ynlieder: dr. Babs Gezelle Meerburg, dy’t yn 1997 promovearre is op in stúdzje nei de Fryske romans fan nei de Twadde Wrâldoarloch: “Want wy binne it nijs ûnder en boppe de sinne”: “De smearlappen” fan Anne Wadman en “Fabryk” fan Trinus Riemersma as ‘fernijende’ Fryske romans. Gezelle Meerburg is dosint Fryske literatuer oan NHL Stenden Hegeskoalle.

 

Opset fan de kursus:
De jûn begjint om 20.00 oere. Earst sil de sprekker in ynlieding jaan op skriuwer en boek. Dan is der in koart skoft. Nei de kofje/tee is der tiid foar fragen en diskusje. Fan alle dielnimmers wurdt ferwachte dat se it te besprekken boek lêzen hawwe. Alle boeken binne yn ‘e hannel, soms as e-boek, soms as harkboek, bytiden twaddehânsk.

 

Kursuslieder:
Rolf Bremmer, emearitus heechlearaar Ingelsk en Frysk, Universiteit Leiden.

 

Ynskriuwe:
Jo kinne jo ynskriuwe fia info@academiefraneker.nl en de kosten bedrage (yn tsjinstelling ta eardere berjochten) 100,- ynklusyf eventueel kursusmateriaal per dielnimmer.