Kursus: Toppers út de Fryske literatuer – De smearlappen

  • 06 april 2023
  • 20:00 oere
Botniastins
Breedeplaats 1
8801 LZ Franeker

Inspireer een ander!

Toppers út de Fryske literatuer

Kom yn ’e kunde mei it wurk fan fjouwer ferneamde Fryske skriuwers en harren priiswinnende romans.

Yn in rige fan fjouwer jûnen komme yn dizze kursus Fryske skriuwers op it aljemint, dy’t der útkypje mei romans dy’t noch altiten tige de muoite wurdich binne om te lêzen, oer nei te tinken en oer te praten. It domein Letter & Geest fan de Academie van Franeker fersoarget de kursus yn de Botniastins oan de Breedeplaats yn Frjentsjer.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis dy’t yn Fryslân takend wurdt foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Ut de lange list fan priiswinners hat Rolf Bremmer, yn oerlis mei Babs Gezelle Meerburg, soarge foar in oansprekkende seleksje fan boeken en saakkundige ynlieders.

De kolleezjes wurde as searje oanbean. Belangstellenden dy’t harren hjirfoar ynskriuwe krije in tsûchskrift nei ôfrin.

Kursus: Toppers út de Fryske literatuer


De smearlappen
fan Anne Wadman

Doe’t dit boek yn 1963 ferskynde joech it gâns opskuor. It like in boereroman sa’t der al ssa’n soad wiene, mar eins woe Wadman mei it boek sjen litte dat de tiid fan dy plattelânsliteratuer ferline tiid wie. In protte minsken hiene beswier tsjin de wize dêr’t Wadman de seksualiteit fan de haadpersoan Eelkje foarm joech.

Ynlieder: dr. Babs Gezelle Meerburg, dy’t yn 1997 promovearre is op in stúdzje nei de Fryske romans fan nei de Twadde Wrâldoarloch: “Want wy binne it nijs ûnder en boppe de sinne”: “De smearlappen” fan Anne Wadman en “Fabryk” fan Trinus Riemersma as ‘fernijende’ Fryske romans. Gezelle Meerburg is learare-oplieder Fryske literatuer oan NHL Stenden Hegeskoalle.