Kursus: Toppers út de Fryske literatuer – De Wuttelhaven del

  • 16 maart 2023
  • 20:00 uur
Botniastins
Breedeplaats 1
8801 LZ Franeker

Inspireer een ander!

Toppers út de Fryske literatuer

Kom yn ’e kunde mei it wurk fan fjouwer ferneamde Fryske skriuwers en harren priiswinnende romans.

Yn in rige fan fjouwer jûnen komme yn dizze kursus Fryske skriuwers op it aljemint, dy’t der útkypje mei romans dy’t noch altiten tige de muoite wurdich binne om te lêzen, oer nei te tinken en oer te praten. It domein Letter & Geest fan de Academie van Franeker fersoarget de kursus yn de Botniastins oan de Breedeplaats yn Frjentsjer.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis dy’t yn Fryslân takend wurdt foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Ut de lange list fan priiswinners hat Rolf Bremmer, yn oerlis mei Babs Gezelle Meerburg, soarge foar in oansprekkende seleksje fan boeken en saakkundige ynlieders.

De kolleezjes wurde as searje oanbean. Belangstellenden dy’t harren hjirfoar ynskriuwe krije in tsûchskrift nei ôfrin.

Kursus: Toppers út de Fryske literatuer


De Wuttelhaven del
(1989) fan Steven de Jong

Yn dizze roman spilet de oarloch ek in wichtige rol, mar no jierren letter út it perspektyf wei fan in soan fan NSB-âlden. Hy wrakselet mei it probleem dat hy mei tankberens oan syn opfieding tinkt, mar der net oer kin dat syn âlden sokke fûleinige faksisten wiene.

Ynlieder: prof.dr. Goffe Jensma. Oant ein 2022 wie Jensma heechlearaar Frysk yn Grins.